Massaal sniefeie op freed

03 feb 2012 - 16:37

Nei de sniebuien freedtemoarn, wie Fryslân freedtemiddei massaal oan it skjinmeitsjen: op de eigen oprit, mar ek op it iis. Op in soad plakken ha sniefeiers yn aksje west om de iisbanen wer skjin te krijen.

In pear dagen lyn tochten in soad winkellju noch dat se magazinen fol snieskowers, struisâlt en snowboots oerhâlde soene, dizze winter. Mar ynienen stiet it spul wer foaroan yn de winkel. Ferkeaper Alfred Span fan de boumerk yn Sint Anne hie der al rekken mei hâlden. Fral de snowboots rinne goed, sa seit hy.

Fierder is der ek in soad fraach nei rutewisserfloeistof en dekjes om de autoruten moarns frij fan iis te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)