Massaal ôfskie fan Hotze Schuil

01 des 2005 - 09:54

Op it Sjûkelân yn Frjentsjer is woansdeitemiddei in betinkingsbyienkomst hâlden foar Hotze Schuil. Sa'n tolvehûndert minsken wiene dêrby. De 81-jierrige keatsleginde ferstoar freed yn syn wenplak Harns.

Foarsitter Jan van der Mei fan de PC helle nei it foarlêzen fan syn 'in memoriam' mei de skeppe in seadde út it Sjûkelân en lei dy op de kiste fan Schuil. Dêrnei waard ien minút stilte hâlden en it Frysk folksliet songen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)