Masjinisten wegerje 'Hurdegaryp'

24 jan 2003 - 00:00

Ferfiersbedriuw NoordNed nimt mooglik maatregels tsjin masjinisten dy't wegerje om 'Hurdegaryp' om te roppen. It giet om in lyts groepke masjinisten dy't noch hieltyd de Hollânske namme fan Hurdegaryp omroppe. Offisjeel bestiet de namme 'Hardegarijp' net mear.

Op fersyk fan treinreigzer Cor Jousma hat it Antidiscriminatiebureau Fryslân NoordNed frege om maatregels tsjin de masjinisten te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)