Masjinist 'ferjit' treinstel

22 jul 2007 - 08:47

It treinferkear tusken Ljouwert en Dronryp hat sneon 2,5 oere stillein, fanwege problemen mei in trein. Troch noch ûnbekende oarsaak splitsten twa treinstellen har, doe't de trein foar it stasjon Deinum eefkes stilstie. De iene ried troch, de oare bleau stean. De masjinist hie neat yn de gaten. Hy fernaam it net earder as doe't er by Frjentsjer wie.

Soks bart hast nea. Normaal remmet in trein dan automatysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)