Masinisten moatte der om tinke

22 jul 2007 - 18:59

Masinisten fan de nije Arrivatreinen dy't rûnom yn Fryslân ride, sille der tenei better om tinke oft se nei elke stop noch wol de hiele trein mei hawwe. Dy nije regel hat it ferfiersbedriuw opsteld nei in opmerklik ynsidint sneon op it spoar tusken Ljouwert en Dronryp.

Dêr ferlear in masinist op stasjon Deinum in folsein treinstel. Technisy fan Arriva sille yn de kommende dagen besjen wat de oorsaak west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)