Masinist Starum net ferfolge

12 apr 2012 - 10:41

De masinist dy't yn 2010 de trein bestjoerde dy't yn Starum troch in stjitblok ried, wurdt net ferfolge. Dat hat it Iepenbier Ministearje besletten. Earder waard dy ferfolging wol oankundige, mar nei bestudearing fan it definitive proses-ferbaal fynt it IM dat net opportún. Ut dat proses-ferbaal docht bliken dat der ek mankeminten oan it spoar wiene en dat de wurkopdracht net goed wie. By it ûngelok ûntstie in soad skea, ûnder oare oan in wettersportsaak.

Foar de masinist sels fielt it beslút fan it Iepenbier Ministearje as earherstel. De driging fan strafferfolging hong him al moannen as 'in swurd fan Damocles' boppe de holle. Foar him fielt it beslút fan as gerjochtichheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)