Masinist Starum is Italiaan

26 jul 2010 - 16:10
  • De trein gie dwers troch de wettersportwinkel

De masinist fan de ûnderhâldstrein dy't sneintenacht yn Starum troch it stjitblok skeat komt út Italië. De man siet mei noch twa Italiaanske kollega's en ien begelieder út Nederlân op de trein. Se wiene op fersyk fan spoarbehearder ProRail dwaande mei it slypjen fan de rails tusken Snits en Starum. It is neffens ProRail gebrûklik om soks nachts te dwaan.

De masinist is yntusken heard troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)