Masinist heard oer ûngelok

27 jul 2010 - 12:50

De Italiaanske masinist fan 'e trein dy't sneintejûn yn Starum foar in ravaazje soarge, is troch de plysje heard. Hy is mei syn Italiaanske kollega's oerbrocht nei Zwolle foar ferhear. Mooglik hat de masinist yllegaal op 'e trein riden.

Starum is einstasjon, mar de trein ried troch, dwerstroch in winkel. It kin noch wol wiken duorje foardat de oarsaak fan it ûngelok dúdlik wurdt. Nei ferwachting is de ravaazje tongersdeitejûn opromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)