Masinegewearen út Waadsee

17 maaie 2014 - 11:54
  • De masinegewearen dy't út de Waadsee fiske binne

Yn de Waadsee tusken Flylân en Koarnwertersân hat in Starumer garnalefisker dizze wike twa swiere masinegewearen opfiske. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it giet om laden Browninggewearen út de Twadde Wrâldoarloch. De gewearen hearren by de standert bewaping fan de B17 Flying Fortress, in Amerikaanske bommesmiter dy't yn de oarloch folop brûkt waarden.

Konservator Wim Stienstra fan it Kazemattenmuseum yn Koartwertersân wol de gewearen graach yn it museum ha om't se noch hiel geef binne.

De registraasjenûmers fan de wapens binne ek noch goed te lêzen, dêrtroch binne de gegevens oer de bemanning en it tastel sels te achterheljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)