Masinefabryk en garaazje fallyt

14 feb 2003 - 00:00

Masinebedriuw Matech op 'e Jouwer is fallyt. Foar de tweintich wurknimmers wurdt ûntslach oanfrege. Nei alle gedachten makket it bedriuw in trochstart, want der binne al ferskate oernamekandidaten. Matech makket masines foar de golfkartonyndustry.

Ek garaazjebedriuw Gebroeders Van der Veen yn Surhústerfean is oer de kop. It bedriuw hie al langer problemen. By de garaazje wurkje trettjin minsken. Oer in trochstart is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)