Masine ûntwikkele tsjin mûzepleach

04 feb 2015 - 19:57

Age de Jong fan Skearnegoutum hat in masine ûntwikkele yn de striid tsjin de mûzepleach yn grutte dielen fan Fryslân. Mei de 20 meter brede masine wurdt yn in oere tiid 400 kuub wetter op it lân brocht. De mûzen fersûpe of wurde opfretten troch fûgels, sa gau as se boppe de grûn komme.

Boeren hawwe in protte belangstelling foar de metoade, om sa harren lân te rêden fan de mûzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)