Masine om sabeare op te skyen

11 apr 2002 - 00:00

Fanatike wintersporters hoege net mear nei de snie. Konstruksjebedriuw Van der Wal út Lippenhuzen hat in grutte skysimulaasjemasine útfûn. Je moatte wol in grutte hal en in soad jild ha.

De baan is ferstelber wat de hichte oangiet: fan flak nei in helling fan 20 prosint. De masine kostet 150.000 euro en is bedoeld foar de profesjonele merk. Op fochtich keunstgers wurdt der skyd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)