Masedoanysk talint nei It Fean

28 apr 2009 - 15:47

De Masedoanyske jeugdynternasjonal Samir_Fazli hat in fiifjierrich kontrakt tekene by SC_Hearrenfean. De 18-jierrige oanfaller komt oer fan FK_Makedonija en jildt yn eigen lân as in grut talint. Sa makket hy diel út fan ferskate nasjonale jeugdalvetallen. Fazli kin op alle posysjes yn ´e oanfal út de fuotten.

Hearrenfean hie Fazli al langer op it each. Sa rûn hy yn 2008 al ris staazje by de klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)