Marzo: "Heerenveen voelt als thuis"

01 apr 2016 - 15:23
  • Stefano Marzo
  • Pele van Anholt

Stefano Marzo hat der net lang oer nei hoege te tinken om syn kontrakt te ferlingen. Juster hat de Hearrenfeanspiler syn kontrakt mei twa jier ferlinge. De Belch hat it goed nei syn sin by Hearrenfean. "Heerenveen voelt als thuis. Ik kan goed met de andere spelers en voel me hier lekker. Ik hoop de komende twee jaar me hier nog verder te ontwikkelen."

De Belch spilet benammen as rjochtsback. Al spilet hy de lêste tiid ek as ferdedigende middenfjilder. Marzo kaam yn 2013 nei Hearrenfean, doe't Beerschot fallyt gong. Hy spile 74 wedstriden.

Pele van Anholt

Pele van Anholt syn kontrakt wurdt net ferlinge. Hearrenfean koe in opsje lichte, mar keas der foar dat net te dwaan. Dêrtroch kin Van Anholt de klup no transferfrij ferlitte. "Ik denk dat de club ook wel door had dat ik toe was aan wat anders. Dus het kwam voor mij niet als een verrassing. Ik vind het alleen jammer dat de club nu niks aan mij kan verdienen. Ik heb hier vanaf mijn elfde gespeeld, maar het is denk ik wel goed om nu eens wat anders te proberen."

Bûtenlân

Van Anholt slút in klup yn it bûtenlân net út. "Twee jaar geleden had ik gezegd dat ik nog in Nederland wil blijven. Ik ben nu 24 en sta er wel anders in. Engeland of Duitsland lijken me mooie competities. Ook de tweede divisies zijn interessant."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)