'Marwei foldocht oan easken'

30 nov 2004 - 17:38

Finzenis de Marwei yn Ljouwert foldocht oan alle easken fan de arbeidsynspeksje. Dat skriuwt minister Donner fan justysje yn in brief oan de Twadde Keamer.

De arbeidsynspeksje hat de Marwei ûndersocht nei oanlieding fan de moard op in terapeute. Ut dat ûndersyk kaam nei foaren dat de direksje net genôch die oan de feiligens en it trainen fan meiwurkers. Neffens minister Donner is dat no allegearre wol goed yn oarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)