Marwei-direkteur: opstekker

06 jul 2011 - 17:00

De direkteur fan de Ljouwerter finzenis, Marie-Anne de Groot is bliid mei it positive ynspeksjerapport. It is in opstekker foar alle wurknimmers. Yn 2006 wie der in soad krityk op de sfear ûnder it personiel. Benammen de ûnderlinge kommunikaasje soe net goed wêze. De hiele organisaasje hat him der foar ynsetten om dat better te krijen. En dat hat fertuten dien.

Der moat noch wol stranger tasjoen wurde op drugsgebrûk by de detinearren en de weromkear yn de maatskippij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)