Martinitsjerke yn Frjentsjer wurdt ferboud

27 jan 2015 - 07:16

De byldbepalende Martinitsjerke yn Frjentsjer wurdt ferboud. De ferbou is op 5 jannewaris úteinset en duorret noch oant ein maaie/begjin juny. De lêste wiken is begûn mei it ynpakken fan it oargel om it te beskermjen en de tsjerkebanken binne der úthelle. Fierder binne der grêfserken ferpleatst sadat it wurk úteinsette kin. Sa lang as de restauraasje duorret is de tsjerke ticht en binne der ek gjin tsjinsten. Dy binne salang yn de Zilverstrjittetsjerke, it twadde gebou fan de gemeente. Dy tsjerke stiet te keap.

De tsjerklike gemeente is sûnt in pear jier fuseard en hat genôch oan ien tsjerke, boppedat is it ek te djoer om twa tsjerken oan te hâlden. Yn de tsjerke wurdt in tuskenwand pleatst, yn de nije romte is plak foar de ûntfangstbaly, wc's en in keuken. De tsjerke kin yn de takomst dan foar mear aktiviteiten brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)