Martinitsjerke Frjentsjer wer yn gebrûk nei restauraasje

04 sep 2015 - 18:40
  • De tsjerke hat no ek in keukentsje krigen

De Martinitsjerke fan Frjentsjer is freed wer offisjeel yn gebrûk naam. De monumintale tsjerke is ferboud en geskikt makke om multyfunksjoneel te brûken. De tsjerke hat no in moderne keuken en húskes krigen. In part fan de tsjerkebanken hat plak makke foar moderne stuollen en der binne nije audiofisuele middels yn kaam.

Snein nimt de PKN-tsjerke it gebou mei in bysûndere tsjinst ek foar de earetsjinst yn gebrûk. De PKN-tsjerke oan de Silverstrjitte wurdt nei snein ôfstjitten en stiet yntusken te keap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)