Martiniplein yn Snits is klear

07 jun 2003 - 00:00

It Martiniplein yn Snits is sneon feestlik iepene. It hert fan de stêd is opknapt. Al yn 1996 hat de gemeente opdracht jûn foar de werynrjochting fan it âlde tsjerkhôf en it gebiet om de Martinitsjerke hinne.

De Deense arsjitekt Andersson hat it plein sa ynrjochte dat it in publike romte foar elkenien is. De Snitsers binne tefreden oer it nije plein. Se sjogge it as in rêstpunt en as plak foar alderhanne aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)