Martine Dietz wol nei Japan

15 mrt 2011 - 10:13

It Nederlânske hûnerêdingsteam giet woansdei gewoan nei Japan om dêr te helpen by it sykjen nei fermisten nei de ierdbeving en de tsunami fan freed. De plannen binne noch net feroare, ek net troch de grutter wurdende problemen mei de kearnsintrale yn Fukushima. Dêr komt hieltiten mear radio-aktive strieling frij.

It is ek dreech om it rampgebiet te berikken trochdat de diken der min oan ta binne en der hast gjin brânstof mear is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)