Martina Sábliková bliuwt op 1500 de Nederlanners de baas

10 jan 2016 - 13:44
  • It poadium fan de 1500 meter

Martina Sábliková, de liedster op it EK yn Minsk, hat snein de 1500 meter wûn. De Tsjechise makke der tsjin Ireen Wüst in spannende rit fan. Sábliková kaam út op 1.57.00, Wüst hie ien hûnderste langer wurk: 1.57.01. De Noarse Ida Njatun waard tredde yn 1.58.51. Antoinette de Jong luts yn har rit tsjin Marije Joling oan it langste ein. De Jong waard fjirde yn 1.58.80, Joling fiifde yn 1.58.90. Mei de 5000 meter noch te gean liket Sábliková har fiifde Europeeske titel net mear te ferspyljen. Wüst stiet twadde, De Jong tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)