Martijn van der Laan op hierbasis werom by Cambuur

17 aug 2015 - 16:30
  • Van der Laan werom by Cambuur

Fuortballer Martijn van der Laan komt op hierbasis werom by Sportklup Cambuur. De ferdigener moat noch wol medysk keurd wurde, mar as dat goed giet, komt Van der Laan de rest fan it seizoen nei Ljouwert ta. Martijn van der Laan hat tusken 2010 en 2014 ek al 3,5 jier by SC Cambuur spile.

Yn dizze perioade makke de 27-jierrige linkspoat it kampioenskip yn de Jupiler League en de hanthavening fan Cambuur yn de earedivyzje mei. Van der Laan slagge der by FC Grins net yn in basisplak te feroverjen.

Diels kaam dat troch in ljiskblessuere. It is de twadde kear yn ien wike tiid dat Cambuur en FC Grins saken dogge. De Ljouwerter klup rekke ferline wike oanfierder Etiënne Reijnen kwyt oan FC Grins.

Fierders hat Cambuur him ek noch melden by Excelsior foar ferdigener Sander Fischer. Dy hat wol krekt foar in jier bytekene by de klup út Rotterdam. Se wolle him dan ek net samar gean litte. Ek Fischer spile earder foar Cambuur, mar ek foar Emmen en AGOVV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)