Martijn Olijnsma hâldt nei dit seizoen op mei keatsen

22 jun 2015 - 13:54
  • Martijn Olijnsma

Keatser Martijn Olijnsma hâldt nei dit seizoen op mei keatsen. Dat hat er syn maten Alle Jan Anema en Sjoerd de Jong sneintejûn witte litten. De 26-jierrige opslagger út Grou seit it net langer opbringe te kinnen om der safolle tiid yn te stekken en hast neat te winnen.

Yn 2012 is er ek alris ophâlden, mar nei in pear wiken pakte er it keatsen doe wer op. Dat sil neffens him no net barre. "Dit is definityf, ik bin klear mei it keatsen", seit Olijnsma tsjin it keatsbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)