Martijn Kromkamp bliuwt lieder

09 feb 2009 - 15:24
  • Martijn Kromkamp hâldt de kopposysje

Martijn_Kromkamp fan Wolvegea bliuwt lieder fan de Grand Prix-maratonwedstriden op it natoeriis yn Sweden. De tredde wedstriid oer 100 kilometer waard moandei wûn troch Ralf Zwitser. Bob de Vries fan De Haule wie op it fyfde plak de bêste Fries, Ruud Borst fan St._Nyk waard sechsde, Martijn Kromkamp njoggende.

Kromkamp hat no 50,1 punten, Borst 44. Tongersdei (100 km) en sneon (200 km) ride de manlju fan de lange azem noch yn Sweden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)