Martha Riemsma nei Tubantia

01 apr 2014 - 14:24
  • Martha Riemsma giet nei Tubantia

Friezinne om utens Martha Riemsma wurdt fan 5 maaie ôf de nije haadredakteur by de Twentsche Courant Tubantia. Riemsma is 37 jier en komt oarspronklik fan Feanwâlden. Se nimt de funksje oer fan waarnimmend haadredakteur Ger Dijkstra, dy't as adjunkt-haadredakteur fierder giet. Martha Riemsma wurke de ôfrûne jierren as selsstannich ûndernimmer mei oan fernijingsprojekten by Wegener.

Riemsma hat ek wurke by de Haagsche Courant, as manager multymedia foar de deiblêden fan Wegener en manager Konsumintemerk. Se wennet yn Enschede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)