Marten de Roon tekenet kontrakt fan fjouwer jier yn Italië

12 jul 2015 - 11:10
  • Marten de Roon

Oanfierder Marten de Roon fan SC Hearrenfean is definityf oerstapt nei it Italiaanske Atalanta Bergamo. De Roon hat in kontrakt foar fjouwer jier tekene. De transfer kaam ûnferwachts, want de oanfierder hie dizze simmer syn kontrakt by Hearrenfean noch ferlinge oant en mei 2017.

Woansdei hat er syn ploechgenoaten en de technyske stêf it nijs ferteld. De Roon is sneon fuortendaliks ôfset foar in trainingskamp fan trije wiken mei syn nije ploech. Atalanta Bergamo spilet yn de Italiaankse Serie A en einige it ôfrûne seizoen as 17e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)