Marten de Roon makket oerstap nei Atalanta Bergamo

08 jul 2015 - 16:52
  • Marten de Roon

Sportklup Hearrenfean ferliest in belangrike spiler. Oanfierder Marten de Roon giet nei alle gedachten nei it Italiaanske Atalanta Bergamo. De Roon hat woansdeitemoarn ôfskie naam fan de klup en wurdt tongersdei medysk keurd.

De Roon hie dizze simmer syn kontrakt by Hearrenfean noch ferlingd oant en mei 2017. Atalanta Bergamo spilet yn de Italiaankse Serie A en einige it ôfrûne seizoen as 17e, ien plak boppe de degradaasjestreek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)