Mart Koek wint Herman Krebbers fioelkonkoers

23 maaie 2015 - 14:03
  • Mart Koek

Mart Koek út Ljouwert hat freed de earste priis wûn by de finale fan it Herman Krebbers Viool- en Cello Concours foar amateurs. Se spile stikken fan Moskowski en fan Drdla.

Mart is 17 jier en hat les fan fioeldosint Irene de Boer by Doedab. Se spilet yn it Frysk Jeugd Orkest en de jongereinband Ananazz. Ek is se konsertmaster by it skoalorkest fan it gymnasium Beyers Naudé. Herman Krebbers, dy't hast 93 jier is, koe sels net de priis útrikke. It konkoers waard foar de sânde kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)