Marsummers werom út Libanon

18 jul 2006 - 17:01

De groep Nederlanners yn Libanon is moandeitenacht feilich oankommen op fleanfjild Eindhoven. By dizze groep wie ek de famylje Castelein út Marsum. Se wiene yn Libanon fanwege de doop fan hun pake- en beppesizzer, dy't heal Libanese is. De doop is gewoan trochgongen, mar de famylje hat in spannende wike achter de rêch.

De famylje moast fiif oeren by de grins fan Syrië wachtsje. Dêr waard by it checken oeral jild foar frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)