Marsum hat soargen oer lûdsoerlêst fan Frisian Flag

25 mrt 2016 - 06:04

De kommisje Lûdshinder Marsum makket him soargen oer de lûdsoerlêst fan Frisian Flag yn april 2016. Dit jier sille der net sechstich mar santich jachtfleantugen starte en lânje op de fleanbasis yn Ljouwert.

Geert Verf, lid fan de stjoergroep en foarsitter fan doarpsbelang Marsum, is benaud dat de lûdspiken boppe de grins fan 120 desibel útkomme sille by de oefening yn april. Dêrneist fynt Verf it net ferantwurde dat Frisian Flag hjir wol plakfine kin, wylst it Feriene Keninkryk seit dat se net genôch loftrom hawwe.

Verf wol dêrom ynkoarten om tafel mei de meiwurkers fan de fleanbasis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)