Marseille: Vandenbussche op goal

22 nov 2005 - 11:46

Brian Vandenbussche sil tongersdei it doel fan sportklub Hearrenfean ferdigenje yn 'e UEFA-kupwedstriid tsjin Olympique Marseille. Fêste keeper Boy Waterman hat noch tefolle lêst fan 'e knibbelblessuere dy't er snein oprûn by de wedstriid tsjin Sparta.

Fierder is it noch ûnwis oft Kissi ynsetber is tsjin Marseille. Kissi foel snein út mei in inkelblessuere. Paul Bosvelt, dy't snein ek útfoel, kin nei alle gedachten wol spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)