Marrumhynders op stâl

06 nov 2006 - 17:45

De hynders by de seedyk by Marrum binne moandei mei feeweinen nei ferskate stâlen brocht. Dêr sille se de kommende moanne oerwinterje. De goed hûndert hynders rekken troch it hege wetter ynsletten achter dyk en waarden nei in pear dagen freed befrijd.

De hynders krije woartels, ierdappels, rapen en tomaten te fretten op it hiem fan Lootsma. Takom maaitiid kinne se wer achter dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)