Marrumers hawwe Smit fûn

12 okt 2009 - 12:28
  • It stasjon fan Marrum stiet al jierren leech en fertutearzet

De aksjegroep Behâld stasjon Marrum hat RTV Noord ynskeakele om de Grinzer projektûntwikkelder Smit te finen. Hy hat seis jier lyn it restaurearre stasjon fan Marrum kocht om der in hoarekagelegenheid fan te meitsjen. Mar dêr is neat fan op 'e hispel kaam. It gebou stiet al jierren leech en de man lit it monumint fertutearzje.

It doarp lit it der lykwols net by sitte. Sneon waard in ludike aksje holden by it stasjon. Moandei krige Smit in brief fan de Marrumers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)