Marrumer masjinefabryk fallyt

13 jan 2006 - 14:46

De rjochtbank fan Ljouwert hat it Marrumer bedriuw Martech Machine- en Apparatenbouw fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje fjouwer minsken. Martech makket masjines foar it ferwurkjen fan hûden.

It giet om in lytse merk wêryn't it dreech is om de holle boppe wetter te hâlden. It bedriuw kaam earder al yn de problemen troch de tongblierkrisis. Letter kamen dêr persoanlike omstannichheden fan de eigner by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)