Marrit van der Wal en Sytse Bokma wer klasse apart

03 jun 2015 - 22:20
  • Sytse Bokma

Marrit van der Wal en Sytse Bokma wiene woansdeitejûn op De Jouwer in klasse apart by de fjirde fierljepwedstriid fan it seizoen. Van der Wal sprong by de froulju mei 16.55 in nij skânsrekôr. Ofrûne sneon die se itselde mei deselde ôfstân op It Heidenskip.

Sytse Bokma ljepte krekt as sneon de fierste ôfstân fan de jûn. Syn 19.12 wie in skânsrekôr by de junioaren. By de topklassers, dy't lêst fan de sinne hiene, gong de winst nei regearjend Nederlânsk kampioen Nard Brandsma mei 19.03. Alwin Fonk waard twadde mei 18.56.

De winst by de jonges wie foar Jesper Demmer fan Warkum mei in pr fan 15.55. Gerard Hooisma fan Aldehaske waard mei 15.52 (ek in pr) twadde. Sigrid Bokma wûn by de famkes mei 14.10.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)