Marrit van der Wal earste fierljepster oer de 17 meter

21 jun 2015 - 01:31

Fierljepster Marrit van der Wal is de earste frou dy't de magyske grins fan 17 meter trochbrutsen hat. Yn Drylts kaam de Heidenskipster ta 17.02 yn har tredde sprong. Dat is rom fierder as har eigen âlde Fryske rekôr (16.57), en ek as it Nederlânske rekôr fan Dymphie van Rooijen (16.91),

Yn de Topklasse gie de winst nei Oane Galama (20.52), foar Bart Helmholt (19.54) By de junioaren pakte Jan Teade Nauta de winst mei in nij pr fan 19.23. Jos Bethlehem wûn by de jonges (15.79) en by de famkes wûn Marije Reitsma mei 14.60 de earste priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)