Marrit Steenbergen wint mei toptiid 200 meter frije slach

30 okt 2015 - 20:36

Swimster Marrit Steenbergen hat op it iepen Nederlânsk kampioenskip koartebaan yn Tilburg de 200 meter frije slach wûn. It 15-jierrige supertalint fan Easterwâlde sette 1.55.91 op de klokken. Mei dy tiid ferbettere se har Nederlânsk jeugdrekôr. Nûmer twa Robin Neumann wie mear as in sekonde stadiger. Beide swimsters meie no nei it EK koartebaan yn desimber yn Israel.

Kinge Zandringa fan Ljouwert helle brûns op de 100 meter flinterslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)