Marrit Steenbergen swimt wer nei goud en rekôr

02 nov 2015 - 08:26
  • Marrit Steenbergen (argyffoto)

Marrit Steenbergen hat op de lêste dei fan it iepen NK koartebaan yn Tilburg it goud wûn op de 100 meter wikselslach. It 15-jierrige talint út Easterwâlde swom foar de earste kear dy 100 meter binnen de minút: 59.87. Dat smiet in nij nasjonaal jeugdrekôr op en in startbewiis foar it EK yn Israel yn desimber. Op de 50 meter frije slach pakte Steenbergen it sulver. Earder wie der al goud en sulver op de 200 en 100 meter frije slach.

Josien Wijkhuijs fan Frjentsjer pakte brûns op de 50 meter flinterslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)