Marrit op kampioenskoers

27 des 2010 - 15:09
  • Marrit Leenstra (foto: Sportfoto.nl)

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel is it NK allround op Thialf moandei goed begûn. Yn har earste wedstriid, de 500 meter, bleau se de konkurrinsje fier foar. De Friezinne finishte yn in tiid fan 39,21 sekonden. Dêrmei wie se hast in sekonde flugger as de nûmer twa Diane Valkenburg.

Marrit Leenstra wurdt sjoen as ien fan de grutte kânshawwers foar de titel op It Hearrenfean. Konkurrinte Ireen Wüst docht mei oan it sprinttoernoai dat ek op Thialf hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)