Marrit Leenstra wurdt 4e op it WK sprint yn Seoul

28 feb 2016 - 11:30

Marrit Leenstra is op it WK sprint yn Seoul as fjirde einige. Op de ôfslutende 1000 meter ried se 1.16.17 en waard dêr fjirde mei. Dat resultaat wie genôch om wer in pear plakjes omheech te gean yn it klassemint. Dat einklassemint waard wûn troch Brittany Bowe, twadde waard Heather Richardson-Bergsma en it brûns wie foar Jorien ter Mors.

Op de earste dei fan it toernoai ried Marrit op de 500 meter in tiid fan 38.62 en op de 1000 meter klokte se 1.16.18. De twadde 500 meter gie yn 38.84 en de ôfslutende 1000 meter yn 1.16.17.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)