Marrit Leenstra twadde op 1000 meter by wrâldbeker yn Thialf

08 feb 2015 - 17:07
  • Marrit Leenstra yn aksje

Marrit Leenstra is snein twadde wurden op de twadde 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden sprint yn Thialf. De rydster fan Wikel moast allinnich de Amerikaanse Brittany Bowe foargean litte. Bowe notearre in winnende tiid fan 1.15.63 en wist dêrmei Leenstra mei tolvehûndertste foar te bliuwen (1.15.75). It tredde plak gong nei de Tsjechise Karolina Erbanová yn 1.15.98.

Margot Boer einige mei 1.16.93 op it sechsde plak en ferbettere har tiid fan sneon. Doe waard se mei 1.17.35 alfde. Thijsje Oenema melde har ôf foar de 1000 meter.

De Amerikaanse Heather Richardson, winneres fan de 1000 meter op sneon, kaam net yn aksje. Ek Ireen Wüst stie net oan de start. Wüst keas lykas Richardson foar in ekstra rêstdei yn de oanrin nei it WK ôfstannen nije wike.

By de manlju gong de winst op de 1000 meter lykas sneon nei Kjeld Nuis. Hy klokte eksakt deselde tiid as de Rus Pavel Kulizhnikov: 1.08.82. De tiid fan Nuis waard lykwols letter noch korrizjearre nei 1.08.81. It brûns wie foar Stefan Groothuis, mei 1.09.38.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)