Marrit Leenstra teloarstellend 7e op 1000 meter WK

13 feb 2015 - 19:18
  • Marrit Leenstra yn aksje
  • Heather Richardson

Reedrydster Marrit Leenstra hat freedtejûn op it WK ôfstannen yn Thialf in teloarstellende 1000 meter riden. De Nederlânsk kampioene kaam net fierder as in sânde plak mei in tiid fan 1.15.84. Ireen Wüst wie mei in fjirde plak de bêste Nederlânske rydster yn in tiid fan 1.15.50. De Amerikaanse Brittany Bowe wie de grutte winner mei in baanrekôrtiid fan 1.13.90. De grutte favoryt Heather Richardson waard twadde mei in tiid fan 1.14.49. Karolina Erbanová waard tredde mei 1.15.26.

By de mannen helle Koen Verweij in tredde plak op de 1500 meter mei in tiid fan 1.45.15. De Rus Denis Juskov wûn mei in baanrekôr fan 1.43.36. De Kanadees Denny Morrison wûn sulver mei 1.45.08.

De 5000 meter by de froulju waard foar de sânde kear op rige wûn troch Martina Sábliková. De Tsjechise wûn mei 6.52.73. Carlijn Achtereekte út de ploech fan Jillert Anema waard kreas twadde yn in persoanlike toptiid: 6.54.49. De 42-jierrige Claudia Pechstein út Dútslân pakte it brûns mei 6.56.53.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)