Marrit Leenstra siik nei hûs

12 nov 2013 - 22:44
  • Marrit Leenstra yn aksje

Reedrydster Marrit Leenstra stiet takom wykein net oan de start by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. Leenstra is ferkâlden en hat lêst fan 'e kiel. Se giet dêrtroch earder werom nei hûs, nei Wikel. It ôfrûne wykein yn Calgary kaam Leenstra allinne yn aksje op de 1500 meter. Op dy ôfstân waard se fjirde, dêrnei heakke se ôf. "Ik baal as in stekker, mar de belangrykste wedstriden fan it seizoen komme noch", sei se.

Leenstra sil op de 500 meter ferfongen wurde troch Mayon Kuipers. Laurine van Riessen nimt har plak yn op de 1000 meter en Margot Boer is oanwiisd as fyfde Nederlânse op de 1500 meter. Boer komt op dyselde dei ek yn aksje op de 500 meter. Mocht se derfoar kieze om de 1500 meter sjitte te litten, dan sil Antoinette de Jong oan de start stean op dizze ôfstan. Lotte van Beek sil nei alle gedachten it plak fan Leenstra ynnimme yn de ploege-achterfolging, lykas ôfrûne wykein yn Calgary.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)