Marrit Leenstra pakt WK-ticket op 1500 meter

23 jan 2015 - 17:49
  • Marrit Leenstra

Reedrydster Marrit Leenstra is der freed by de seleksjewedstriden yn Thialf yn slagge in startbewiis foar de 1500 meter by it WK ôfstannen te bemachtigjen. De rydster fan Wikel sette in twadde tiid op it boerd fan 1.57.92 en wie dêrmei wis fan dielname oan it WK, dat heal febrewaris yn Thialf ferriden wurdt. De winst gong nei Ireen Wüst, dy't it rapste wie yn in tiid fan 1.56.95. It tredde ticket gong nei Marije Joling mei 1.58.32.

Leenstra wie earder al wis fan in startbewiis op de 1000 meter, lykas Wüst en Laurine van Riessen.

By de manlju steane Koen Verweij, Kjeld Nuis en Wouter Olde Heuvel oan de start op de 1500 meter by it WK ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)