Marrit Leenstra op 4e plak nei earste dei fan it WK sprint

27 feb 2016 - 10:50
  • Marrit Leenstra

Marrit Leenstra stiet nei de earste dei fan it WK sprint yn Seoul op it fjirde plak. It klassemint wurdt oanfierd troch Heather Richardson-Bergsma, Jorien ter Mors is twadde en Brittany Bowe - de kampioen fan 2015 - stiet op it tredde plak.

Op de 500 meter waard Leenstra sânde en op de 1000 meter helle se it fjirde plak mei in tiid fan 1.16.18. Jorien ter Mors wûn de 1000 meter yn in nij baanrekôr fan 1.15.09, sy einige op de earste ôfstân op it sechsde plak.

De winst op de earste 500 meter by de froulju wie foar Hong Zhang mei in tiid fan 38.11. Heather Richardson-Bergsma waard twadde en Nao Kodaira waard tredde. Jorien ter Mors waard sechsde en Sanneke de Neeling kaam net fierder as in 26e plak.

By de manlju dogge gjin Friezen mei. Dêr gie de winst op de earste ôfstân nei de Rus Kulizhnikov yn in tiid fan 34.76, Kai Verbij waard twadde yn 34.94. Ronald Mulder waard njoggende en Kjeld Nuis kaam net fierder as it 14e plak. Op de 1000 meter naam er sportive wraak troch dy ôfstân op syn namme te setten mei in tiid fan 1.09.28. Kai Verbij waard dêr sechste en Ronald Mulder trettjinde.

Snein ride se beide ôfstannen noch in kear en dan wurdt it klassemint opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)