Marrit Leenstra net nei WB

01 nov 2008 - 16:44
  • Marrit Leenstra (foto: Martin de Jong)

Marrit Leenstra kaam sneon yn Thialf op de 1000 meter ien hûndertste te koart om har te pleatsen foar de wrâldbekerwedstriden. De oare Friezinnen einigen yn it achterfjild.

Op de 3000 meter wie der ek gjin sukses foar de Friezinnen. Elma de Vries wie de bêste Friezinne op it sânde plak. Marrit Leenstra waard achtste en Wieteke Cramer einige op it alfde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)