Marrit Leenstra meldt har ôf foar 500 meter yn Calgary

09 nov 2015 - 10:10
  • Marrit Leenstra

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel docht kommend wykein net mei oan de 500 meter op de wrâldbekerwedstriid yn Calgary. Leenstra melde har ôf foar dizze ôfstân, om't se leaver meirydt yn de ploege-achterfolging.

Fierder komt se ek yn aksje op de 1000 en 1500 meter. Janine Smit ferfangt Leenstra op de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)