Marrit Leenstra krekt neist poadium op 1000 meter yn Berlyn

06 des 2014 - 13:38
  • Marrit Leenstra

Marrit Leenstra fan Wikel is it sneon krekt net slagge om in poadiumplak te pakken op de 1000 meter. By de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn einige se op it fjirde plak. Yn in streekrjocht duel mei de Sinese Li Qishi kaam se twahûndertste fan in sekonde tekoart om it brûns te pakken. Qishi klokte in tiid fan 1.15.94.

De winst op de 1000 meter gong mei 1.14.81 oertsjûgjend nei de Amerikaanse Brittany Bowe. It sulver wie foar har lângenoate Heather Richardson mei 1.15.14, de freondinne fan reedrider Jorrit Bergsma.

By de manlju gong de winst op de 1000 meter nei de Dútser Nico Ihle yn in tiid fan 1.09.49. Syn lângenoat Samuel Schwarz einige mei 1.09.53 as twadde. Hein Otterspeer wie mei 1.09.56 de rapste Nederlanner op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)