Marrit Leenstra fjirde op WK

13 feb 2011 - 23:53
  • Marrit Leenstra (argyffoto: Sportfoto.nl)

Marrit Lenstra is, mei op alle fjouwer ôfstannen in persoanlik rekôr, fjirde wurden op it wrâldkampioenskip yn Calgary. Op de 5000 meter einige de ynwenster fan Wikel as tsiende. Se helle krapoan tsien sekonden fan har bêste tiid ôf, mar de nije toptiid 7.06,74 wie net genôch foar in poadiumplak.

Troch de fal fan Martina Sábliková kaam plak trije yn sicht, mar de Tsjechise waard dochs noch tredde achter Nesbitt en kampioene Ireen Wüst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)