Marrit Leenstra en Margot Boer nei wrâldbeker op 1000 meter

01 nov 2015 - 16:45
  • Marrit Leenstra
  • Margot Boer

Marrit Leenstra hat nei de 500 en de 1500 meter ek in ticket pakt op de 1000 meter foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden. Yn Enschede klokte Leenstra snein in tiid fan 1.17.86 en einige dêrmei as tredde. De winst op de kilometer gong mei 1.15.95 oertsjûgjend nei Jorien ter Mors, dy't ek al de rapste wie op de 500 meter. Twadde waard Sanneke de Neeling mei 1.17.75.

It fjirde ticket wie foar Margot Boer, dy't de klok stil sette op 1.18.45. Sneon slagge Boer der net yn har te pleatsen op de 500 meter.

Ek Linda de Vries (1.18.48) stiet oan de start op de 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)